Keatstrainen 2015
Under lieding fan Nynke Wiedijk en Jitske Venema binne op moandei 20 april de bern mei de keatstraining útein set.
Ferdield oer twa groepen traine hja op de moandei te jûn fanôf 18.00 oere. Hjirby begjinners en bern dy’t al earder traint hawwe, dy’t harren tariede op lede partijen, federaasje en/of KNKB partijen. Der njonken binne d’r ek noch bern dy’t by ferskillende keatsskoallen traine. Yn maaie kin de jeugd ek wer kompetysje keatse. Antsje Kuipers hat fan de earste training yn Mantgum foto’s makke.
Geplaatst op 20 April 2015